Bom op fleanbasis ûntmantele

04 nov 2009 - 20:17

By wurksumheden by de start- en landingsbaan fan de Ljouwerter fleanbasis is tiisdei in swiere bom út de Twadde Wrâldoarloch fûn. De bom, in 500 pûnner fan mear as in meter lang, is de middeis opromme troch de Explosieven Opruiming Dienst.

De ûntploffing fan de bom wurdt op in oar plak dien, om't d'r in protte eksplosyf materiaal op de fleanbasis leit. De meiwurkers moasten tidens de ûntmanteling binnen bliuwe en der koe net flein wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)