Aparte erfpachtregeling eilân

Der komt mooglik in aparte erfpachtregeling foar de eilannen
In mearderheid fan de Twadde Keamer liket him fine te kinnen yn in aparte erfpachtregeling foar de Waadeilannen. De gemeentebestjoerders en de feriening fan erfpachters ha dêr ek op oantrune.
Steatsboskbehear wol de erfpacht mei hûnderten prosinten ferheegje. De belutsen partijen praten woansdei mei Keamerleden. Ien fan de eksperts fynt dat Steatsboskbehear tenei in part fan de opbringst fan de erfpacht ynvestearje moat op it eilân.