Terapy mei hynders

It hynder helpt by trauma's
De NHL begjint mei de oplieding helpferliening en hynders. Hynders kinne minsken mei fobyen, trauma's of gedrachsproblemen helpe. It hyt Equiterapy en wurdt yn it bûtenlân al tapast. Ek yn Nederlân groeit de fraach.
De hynders nimme ûnder de terapy noch al wat fan de minsken oer. Spannings dy't de pasjint bygelyks kwyt is, krijt it hynder derby. Nei it wurk meie de hynders nei bûten om op te laden foar de folgjende sessy.