Glesfêzel foar Ljouwert

Kabelbedriuw Glashart sil it netwurk oanlizze
Ljouwerters kinne oer goed twa jier gebrûk meitsje fan in flugge glêsfezelferbining. Dat is foar ynternet en televyzje. Ljouwert is de earste Fryske gemeente dêr't soks op dizze skaal oanlein wurdt.
Woansdei is it startskot jûn foar de oanlis fan it netwurk. Goed 50.000 húshâldings moatte yn 2011 oansletten wêze. Dêrfoar moatte alle strjitten yn de haadstêd oer de kop helle wurde. It nije netwurk moat de âlderwetske kabel ferfange.