Erfpacht yn Twadde Keamer

04 nov 2009 - 14:14

Twadde Keamerleden litte har woansdei ynformeare oer de erfpachtkwestje op de Waadeilannen. Steatsboskbehear wol de prizen fan de grûn op Skylge, Flylân en Teksel flink ferheegje. Dat kin oprinne oant 700 prosint.

De eilanners binne manmachtich nei Den Haach ôfreizge, om't sy de keamerleden oertsjûgje wolle dat sa'n ferheging net kin. Guon pachters binne benaud dat sy har hûs ferkeapje moatte. Se fine it ûnearlike konkurrinsje mei minsken mei in hûs op eigen grûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)