Nowee Shipyard fallyt

04 nov 2009 - 12:21

De rjochtbank fan Ljouwert hat Nowee Shipyard yn Heech fallyt ferklearre. It bedriuw makket ûnder oare de Rembrandtsloepen, de IJlstervlet en de Noweeskippen. Neffens de webside fan Nowee wurkje der by it bedriuw 35 minsken. Rhapsody Yachts, dat ek ûnder de flagge fan Nowee falt, bliuwt neffens in wurdfierder bûten it fallisemint.

Earder waard skipsbouwer Dörr fan De Lemmer ek al fallyt ferklearre. Dêr wurkje 45 minsken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)