Keunstesintrum net yn PS

04 nov 2009 - 12:16

In mearderheid yn Provinsjale Steaten wol woansdei net prate oer it fallite Sintrum foar de Keunsten. De SP frege in ynterpellaasjedebat oan, mar in mearderheid fielde dêr neat foar.

De koalysjepartijen CDA, PvdA en ChristenUnie woene it der net oer ha, om't it gjin ûnderwerp is dêr't de provinsje wat oan dwaan kin. Dat fernuvere fraksjefoarsitter Kramer fan de FNP. De Steaten ha wol earder praat oer saken dêr't de provinsje formeel net oer gie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)