Afvaloven Nee yn de polityk

04 nov 2009 - 11:24

De Stichting Afvaloven Nee wol takom jier as politike partij meidwaan oan de gemeenteriedsferkiezingen. It bestjoer fynt dat de besteande partijen de ynwenners fan Harns net goed fertsjintwurdige hawwe.

Der is noch gjin partijprogram en ek de namme fan de partij is noch net bekend. Neffens it bestjoer fan de stichting kin in politike partij op dit stuit mear berikke as in aksjegroep, foaral om't der draachflak is foar in nije partij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)