Mear sike seehûnen

Der komme mear sike seehûnen binnen (foto: seehûnekresj Lenie 't Hart)
Op de Fryske Waadeilannen binne tiisdei tsien slim sike seehûnen oanspield. De bisten ha it benaud om't se lêst ha fan longwjirms. Neffens Lenie 't Hart fan de seehûnekresj yn Pieterburen is de tastream grutter as oars en binne de bisten folle siker.
Sa slim as no hat it neffens 't Hart yn de lêste 38 jier net west. Hoe't dat kin, is net bekend. Dat wurdt ûndersocht. Op Skylge, Skiermûntseach en It Amelân is de tastream it grutst. Op Flylân falt it ta.