Gemeenten wurkje gear

04 nov 2009 - 09:26

Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel wolle mear gearwurkje. De kolleezjes fan de gemeenten ha in ferklearring opsteld foar strategysk partnerskip. Der is noch gjin sprake fan in fúzje. De gemeenten wolle yn earste ynstânsje mear meielkoar oparbeidzje.

Takom jier moat dúdlik wurde op hokker gebieten de gemeenten gearwurkje sille. De beide gemeenterieden fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel moatte noch grien ljocht jaan foar de gearwurking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)