'B&W Smellingerlân sleau'

Sa komme Riedhûsplein en omjouwing der út te sjen, mar it duorret de VVD te lang...
De VVD yn Smellingerlân fynt dat it kolleezje har sleau opstelt yn de plannen foar it sintrum fan Drachten. Neffens de partij sjocht it sintrum der fertutearze út en hat it kolleezje gjin fet op de útfiering fan it sloopwurk fan it Riedhúsplein.
De partij tsjinne tiisdei by de gemeenteried in moasje yn om it kolleezje ter ferantwurding te roppen. Dy moasje helle it net. Sa't it no liket sil yn jannewaris mei de sloopwurksumheden begûn wurde.