Antal vd Duim yn twadde omloop

03 nov 2009 - 21:45

Tennisser Antal van der Duim út Finkegea hat de twadde omloop fan it Challengertoernoai yn it Dútske Eckental berikt.

Yn de iepeningswedstriid wie de 22-jierrige Fries de Kroaat Antonio Veic de baas, hy fersloech him mei 7-6 en 6-1. Kommende tongersdei spilet Van der Duim foar in plakje yn de kwartfinale. Dan moat er it opnimme tsjin de Dútser Daniel Brands of de Tsjech Jan Minar. Om yn it haadtoernoai te kommen hat hy al trije kwalifikaasjewedstriden wûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)