Gjin jild foar MBO-projekt

Der moatte mear bern mei in diploma de skoalle ferlitte
De gemeenten út de súdwesthoeke binne lilk op steatssekretaris Bijsterveld fan ûnderwiis, omdat sy gjin subsydzje jout foar in projekt om foar te kommen dat MBO-studinten sûnder diploma fan skoalle gean. Neffens de gemeenten hat de steatssekretaris in flater makke by de ferdieling fan de subsydzjes. Se wolle dan ek dat se in heger bedrach foar de Fryske gemeenten útlûkt.
By de behanneling fan de ûnderwiisbegrutting yn de Twadde Keamer sil dit punt bepraat wurde.