Fideopoly Sionsberg súkses

Konsulten ferrinne fia it skerm
De fideopoly fan de Sionsberg yn Dokkum is in grut sukses. By it systeem hawwe spesjalisten kontakt fia in fideoskerm mei húsdokters en pasjinten op It Amelân.
De fideokonsulten sille ynkoarten ek tapast wurde troch húsartsen oan de fêste wal. Pasjinten dy't lêst hawwe mar net mear fier fan hûs kinne troch har sûnens, hoege dêrtroch minder fier fuort. It projekt is nominearre foar de Spider Award, in priis foar foarútstribjende ICT yn de soarch.