DDB útnoege troch 'Brussel'

DDB-foaroanfrou Sita van Keimpema
In delegaasje fan boere-organisaasje DDB, de Dutch Dairymen Board, is útnoege om nije wike mei leden fan it Europeesk Parlemint te praten oer de molkpriis yn Europa. De DDB fiert al in jier aksje om oandacht te freegjen foar it idee om te kommen ta in nij priismeganisme foar de molkpriis.
De molkpriis is sa leech, dat in soad boeren yntarre op it eigen fermogen. Yn it plan fan de DDB moatte boeren, koöperaasjes, detailhannel èn konsuminten behelle wurde.