Plysje siket tsjûge sedesaak

03 nov 2009 - 15:59

De plysje is op syk nei in wichtige tsjûge yn de sedesaak mei in 9-jierrich jonkje yn de Ljouwerter Knoopstrjitte. Op tiisdei 6 oktober wurdt yn de wyk 'Achter de Hoven' in jonkje troch in 26-jierrige man lestich fallen.

De man bedriget it jonkje mei in mes en lit him in seksboekje sjen. Op dat stuit rint der in belangrike tsjûge del dy't de plysje helpe kin mear ynsjoch te krijen yn de saak.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)