Kanadapopulier moaiste beam

03 nov 2009 - 15:15

In beam mei in bysûndere foarm hat de beammeferkiezing fan Skarsterlân wûn. Ynwenners fan de gemeente koene út 30 beammen de moaiste kieze. Dat is in fjouwerkoppige Kanadapopulier yn Rotsterhaule wurden, in 80 jier âlde beam.

Twadde waard in jonge treurwylch dy't op 'e Jouwer stiet, en tredde waard in twajierrige bertebeam yn Sint Jânsgea. De beammeferkiezing yn Skarsterlân wie in inisjatyf fan de Bomenstichting. Der is sa'n 700 kear stimd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)