Promoasjekampanje KfK

03 nov 2009 - 14:52

De Keamer fan Keaphannel begjint tiisdei mei in promoasjekampanje ûnder de bedriuwen yn Noard-Nederlân. De ûndernimmers witte meastentiids te min wat de Keamer fan Keaphannel foar har betsjutte kin en dat moat oars, fynt de Keamer.

It begjin fan de promoasjekampanje is tafallich op deselde dei dat de Twadde Keamer in moasje oannimt dêr't yn stiet dat de Keamers fan Keaphannel yn Nederlân mear dwaan moatte foar de regionale ekonomy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)