Nachtbus Grins-Drachten bliuwt

03 nov 2009 - 11:07

De nachtbus fan Grins nei Drachten bliuwt yn alle gefallen oant maart takom jier. Dat hat it OV-buro Grins-Drinte bekend makke. De nachtbus rydt sûnt begjint septimber en ferfiert minsken dy't midden yn de nacht noch werom nei Fryslân wolle mei de bus.

Earst rieden alle wykeinen sa'n 50 minsken mei mar it kin pas út as 180 minsken ynstappe. It oantal is no al tanaam nei 170. Fan heal desimber ôf sil sneons de nachtbus fan Drachten nei Grins alle haltes oandwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)