Fryslân as topattraksje

Regear moat toerisme yn Fryslân stypje
It regear moat mear sjen nei de ûntwikkelingkânsen fan it toerisme yn Fryslân. Dat fynt Fryslân Marketing. Neffens de lêste sifers binne dit jier al mear as 17 prosint ekstra toeristen nei Fryslân kaam. Yn de rest fan Nederlân groeit it toerisme net.
Fryslân moat de kommende jierren in toeristyske topattraksje wurde en wol dêrfoar stipe fan it regear. It belied fan it ministearje is neffens Fryslân Marketing no te bot rjochte op bûtenlânske toeristen en op Amsterdam.