FNP-fragen oer spanningskabels

FNP: Heechspanningskabels hoarizonfersmoargjend
Undersyk moat útwize oft de nije heechspanningsferbining tusken de Eemshaven en de Ranestêd ek ûnder de Noardsee oanlein wurde kin yn stee fan oer lân. De FNP-steatefraksje wol dat de provinsje by it ministearje fan Ekonomyske Saken oantrunet op sa'n ûndersyk.
De FNP is krekt as de provinsje Grinslân benaud dat de swiere stroomferbining mei hege mêsten oer it lân foar tefolle hoarizonfersmoarging soarget.