Freonskipsbân Amelân-Fanø

03 nov 2009 - 09:43

It Amelân en it Deenske Waadeilân Fanø wolle in freonskipsbân oangean. De Amelanner gemeenteried nimt dêr op 30 novimber in beslút oer. De eilannen wolle gearwurkje op it mêd fan bygelyks ûnderwiis, keunst en duorsumens. Neffens boargemaster De Hoop fan It Amelân kin de freonskip ek oare foardielen opsmite.

Sa kin It Amelân profitearje fan de ûnderfiningen fan it Deenske eilân mei gemeentlike weryndieling. Fanø is in selsstannige gemeente bleaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)