UR: ' Provinsje wol te hurd'

02 nov 2009 - 23:21

De feroarings dy't de nije ynterim-direkteur Van den Boorn fan de provinsje trochfiere wol, gean fierste fluch. Dat fynt de ûndernimmingsried fan de provinsje. De fertsjintwurdiging fan it personiel is benaud dat de regels foar goed personielsbelied net neilibbe wurde.

De UR wol mear dúdlikens hawwe fan de plannen fan de direkteur op de lange termyn. De ûndernimmingsried hat in advys skreaun nei oanlieding fan it plan 'trendbrekke' fan Van den Boorn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)