Nij fleantúch foar fleanklup

02 nov 2009 - 22:57

De Fleanklup Fryslân hat der in nij eigen tastel by. It giet om in Dynamic WT9 dy't makke is by in fabryk yn Slovenië. De feriening hie al ien tastel en der wie ferlet fan in twadde want it ledetal nimt ta. Sa'n 120 minsken folgje fleanynstruksjes of hawwe in befret helle en wolle fleanoeren meitsje.

It nije tastel kostet 100.000 euro. De klup hat it bedrach sels byelkoar helle mei lidmaatskipsjild en aksjes. De Dynamic stiet yn in eigen hangar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)