Hearrenfean noch yn race WK

02 nov 2009 - 21:13

Hearrenfean is noch altyd yn de race foar ien of mear wedstriden fan it WK fuotbal dat yn 2018 of 2022 mooglik yn Nederlân en België hâlden wurdt.

Kommende moandei sil de organisaasje de stadions foar it WK presintearje yn Eindhoven. De spylstêden moatte wol foldwaan oan de betingsten fan it wrâldfuotbalbûn FIFA. Der moatte bygelyks op syn minst 44.000 minsken yn kinne. Njonken Hearrenfean binne ek Amsterdam, Rotterdam, Eindhoven en Enschede kandidaat foar it WK.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)