Salm werom yn Waadsee

02 nov 2009 - 20:22

De salm is wer werom yn de Waadsee. Undersikers fan it Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee hawwe foar it earst in folwoeksen salm fan 83 sm lang oantroffen yn in fûke yn it westlike part fan 'e Waadsee.

De salm wie hielendal útstoarn yn Nederlân, mar 20 jier ferlyn waard in programma opsetten om de fisk werom te krijen yn de Rijn. De ûndersikers tinke dat it folwoeksen eksimplaar yn de Waadsee ien fan de neikommelingen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)