Man fûn mei boargernet

02 nov 2009 - 18:33

De plysje yn Ljouwert hat moandeitejûn mei súkses in âlde man fan 73 weromfûn mei help fan in boargernetaksje. De man is demintearjend en hie gau medisinen nedich.

Om in oere as seis waard it sinjalemint fan de man ferspraat mei help fan de boargernetaksje. In oere letter wie de man terjochte. Neffens de plysje hat de boargeraksje dêrby fan belang west. De man is wer feilich thús, makket de plysje bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)