Foarstelling fan De Zonnebloem

02 nov 2009 - 17:33

Mear as 600 Friezen mei in beheining wiene moandei yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert foar in foarstelling fan De Zonnebloem. Dy feriening set him yn foar minsken mei in beheining dy't oars net in soad de doar út kinne.

It gie om de jubileumfoarstelling De Ontmoeting mei musicalstjerren Danny de Munk, Henk Poort en Lucie de Lange. De Ljouwerter studinteferiening Osiris lange de feriening noch in sjek fan goed 1300 euro oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)