Gewest Fryslân siket sponsor

02 nov 2009 - 16:33

As der net gau in nije haadsponsor fûn wurdt, moat der flink besunige wurde by de reedrydploegen fan it Gewest Fryslân. Foar in tal riders soe dan gjin plak mear wêze yn de seleksje.

Ferline jier rekke it Gewest syn haadsponsor kwyt en ek in tal lytsere sponsors heakke ôf. Dêrtroch is der no in tekoart fan goed 30.000 euro op jierbasis. Troch it tekoart wurdt ek no al op in tal saken besunige. Sa moatte riders sels de trainingskampen betelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)