Dörr Jachtbetimmering fallyt

Dörr Jachtbetimmering op 'e Lemmer is fallyt. De rjochter sprekt it fallisemint tiisdei út. Dat hat direkteur Paul Schut befestige. By it skipsbetimmeringsbedriuw wurkje goed 45 minsken.
Schut hat it begin dit jier oernaam fan Willem Dörr, dy't it yn 1978 opset hat. Dy hat neffens Schut fierstente folle jild liend by de Friesland Bank. Lieningen dy't noait ôflosd wurde koene, omdat der folle minder wurk wie as oan Schut tasein wie.