Jongerein leart ta skipsbouwer

Skipsboubedriuw liedt 25 jongeren op
De Vries Scheepsbouw yn Makkum sil yntern 25 jongeren opliede ta skipsbouwer. It bedriuw hat de oarderportefuille fol oant ein 2013. En dus wolle se ynvestearje yn de takomst. By de renovaasje fan in skip sille de skoalbern oan it wurk.
De sille ûnder persoanlike begelieding wurkje oan de folsleine renovaasje fan in jacht fan 45 jier âld. Oer in jier moat dat wurk klear wêze. De skipswerf wol dan in nije opdracht hawwe dêr't minsken oplaat wurde kinne.