Deade Dútser yn haven Starum

It lichem waard fûn yn de haven fan Starum
De deade man dy't moandei yn Starum út it wetter helle is komt út Dútslân. Dat hat de plysje bekend makke. De man waard moandeitemoarn troch in foarbygonger fûn yn de jachthaven yn Starum. It lichem is der troch de brânwacht úthelle.
De plysje koe de identiteit fan de man fêststelle omdat er syn paspoart by him hie. Der wurdt no ûndersocht hoe't de man yn it wetter kaam is.