Wurkstraf falske bommelder

De bommelding yn Wolvegea wie falsk
De rjochtbank hat in man fan 41 jier út Wolvegea feroardiele ta 200 oeren wurkstraf en ferplichte behanneling. De man soarge krapoan in jier lyn foar grutte ûnrêst troch yn syn wenplak in falske bommelding te dwaan.
Wêrom't er dat die is de man sels net dúdlik, neffens him wie it yn in opwâling. Om dy reden krijt de man de ferplichte behanneling oplein. Mocht er dy net folgje dan moat er seis moanne de sel yn.