Tsjûgen socht fan oanriding

Tsjûgen fan oanriding freed op A32
De plysje is op syk nei tsjûgen fan in oanriding op de A32 by Haskerdiken. Freedtejûn rekke dêr de auto fan in 26-jierrige man út Lelystêd swier skansearre neidat er oanriden wie troch in ûnbekende bestjoerder.
De man soe yn in griene bestelauto ride, mar út nij ûndersyk docht bliken dat it om in wite auto giet. Minsken dy't mear witte, kinne kontakt sykje mei de plysje.