Oerpony ûntdutsen yn Houtwiel

In groepke wittenskippers hat ûntdutsen dat yn Fryslân in pony omstapt dy't der noch krekt itselde útsjocht as ponys fan mear as tsientûzen jier lyn. Dat is bysûnder om't oant no ta altyd tocht waard dat der mar ien Europeesk oerhynder oer wie, it Przewalski-hynder út Poalen.
De nije soart is de Exmoor-pony. Oarspronkelik út Ingelân, mar sûnt in jier ek te finen yn natuergebiet De Houtwiel fan Steatsboskbehear.