Winner 'Bagaazjedrager' keazen

01 nov 2009 - 17:18

De ûntwerpwedstriid 'Bagaazjedrager', it ferfolch fan it 'Bagaazje'-projekt fan Keunstwurk, har mar in pear fernijende ûntwerpen oplevere. Dêrfan is ien unanym as winner keazen.

Untwerpers en designers út it hiele lân wiene oproppen om te kommen mei in idde of produkt dat it 'typysk Fryske', mar dan oars, reflektearret. Op 27 oktober beoardielde in sjuery 52 ynstjoerings. It winnende ûntwerp wurdt 14 november bekend makke yn it Lânboumuseum yn Earnewâld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)