Gjin Friezen nei WB 1500 meter

Sven Kramer
By de Nederlânske kampioenskippen ôfstannen op Thialf hat gjin inkelde Fryske reedrider him pleatst op de 1500 meter foar it riden fan de wrâldbekerwedstriden. Sven Kramer kaam net fierder as it tsiende plak.
De titelferdigener sette in tiid del fan 1.47,36. De 1500 meter waard wûn troch Rhian Ket yn 1.45,89. Mark Tuitert pakte it sulver, Stefan Groothuis it brûns.