Frou mishannele yn Drachten

01 nov 2009 - 15:42

In Drachtster (42) is yn de nacht fan sneon op snein yn syn wenplak oanhâlden foar swiere mishanneling. De man sloech op de Súdkade in frou (46) sjin de flakte en skopte har doe't se op de grûn lei yn it gesicht.

Omstanners koene de man yn bedwang hâlde oant de plysje kaam. Ek dy hiene de hannen fol oan de Drachtster. Sels yn de sel wie er kwalik yn de stringen te hâlden. Hy sloech dêrby in arrestantefersoarger, misledige en bedrige him.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)