Rêkor flaggeswaaie ferbettere

01 nov 2009 - 15:29

Showband Hollandia van Boalsert hat dit wykein it Nederlânsk rekôr flaggeswaaie ferbettere. Se ha eksakt 26 oeren efter inoar in flagge draaiende holden.

De rekôrpoging is betocht troch leden fan Hollandia om jild yn te sammeljen foar nije flaggen en om de hier op te bringen foar in bettere oefenromte. Tsien fan harren wikselen inoar ôf mei de flagge. Sneintemiddei 14.00 oere hiene de leden fan Hollandia de 26 oeren der op sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)