Gerrit Kramer wint Winterrin

Gerrit Kramer (argyffoto)
Hurdrinner Gerrit Kramer fan Boalsert hat snein de earste Winterrin yn Snits op syn namme skreaun. Hy hie nei 8250 meter ien minút en alve sekonden foarsprong op Klaas Kroese fan Skearnegoutum.
Siep Nita út Snits waard tredde op 1,43 fan de winner. By de froulju wie Anneke de Boer fan Nijlân de rapste. Alve tellen letter kaam Liesbeth Steenbergen út Snits as twadde oer de streek. Der wiene yn Snits 230 dielnimmers.