Aldersielefiering yn Ljouwert

01 nov 2009 - 12:43

Op it Huzumer Begraafplak yn Ljouwert waard sneontejûn in Aldersielefiering holden. Tolve keunstners en keunstnersgroepen ferlienden har meiwurking oan dizze fiering. Der kamen goed 110 besikers op ôf.

Allerzielen Alom, keunst ta betinken, is inkelde jierren lyn betocht troch de Amsterdamske byldzjend keunstner Ida van der Lee. De fieringen wiene sneon op ferskate plakken yn it lân. Elkenien dy't in ferstoarne dierbere betinke woe koe dat op dizze jûn dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)