Bern krije lessen oer jild

© Omrop Fryslân
It Nibud jout moandei op basisskoalle De Vrijheid yn Ljouwert it startskot foar in lanlike finansjele opfoedkampanje. Yn it ramt dêrfan wurdt der ûnder oare in fergees tillefoannûmer ynsteld, dêr't minsken terjochte kinne mei fragen oer finansjele saken.
De gemeente Ljouwert begjint tagelyk mei in aksje wêrby't bern leare hoe't se mei jild omgean moatte. Bern fan seis oant en mei acht krije fergees in boek oer jild.