Florijn mooglik listlûker PvdA

Marco Florijn
De Ljouwerter wethâlder Marco Florijn is de be-eage listlûker foar de PvdA by de gemeenteriedsferkiezings yn maart takom jier. By de foarige ferkiezings wie de partij de grutte winner yn Ljouwert. De PvdA krige doe 15 fan de 37 riedssitten.
Florijn krijt de drege taak dit tal sitten te behâlden. Op plak twa stiet wethâlder Henk Deinum. Sjoerd Feitsma stiet op trije.