SomBy wint Liet Ynternasjonaal

De Sami rockband SomBy út it noarden fan Finlân is de grutte winner fan Liet Ynternasjonaal. Sy krigen de measte stimmen fan de sjuery. De Fryske ynstjoering It Langstme en de Dea waard fyfde mei it nûmer Wikel.
De publykspriis gie nei de hiphop formaasje Dr. Drer en crc Posse út Sardinië. Beide winners krigen in sjek fan tûzen euro. Liet ynternasjonaal is it sjongfestival foar it bêste nije ferske yn in minderheidstaal. It waard dit jier foar de sechde kear hâlden.