Harkemase Boys wint fan PKC

31 okt 2009 - 16:47

Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat sneon goede saken dien. Yn Grins waard mei 4-1 wûn fan PKC '83. Yn de earste helte wie it Martijn Barto dy't de skoare iepene. PKC '83 makke foar it skoft de lykmakker.

Yn de twadde helte makke Harkemase Boys dien wurk troch doelpunten fan Arjen Postma, Rene van der Wey en Oebele Schokker. Harkemase Boys hat no 13 punten út 7 wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)