Boargernetaksje foar jonkje

31 okt 2009 - 14:13

Yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren is sneon in skoftlang socht nei in jonkje dat fermist wie. It jonkje, de sânjierrige Jonas Wijnja, wennet oan de Heslingastins. Om't it jonkje autistysk en swakbejeftige is, waard in boargernetaksje opstarten.

Dêr ha 512 minsken oan meidien. It jonkje is nei goed oardel oere fuort west te hawwen wer thúsbrocht. Hy mankearret neat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)