Brân yn separearsel Frjentsjer

Foto: Jaring Rispens
Nei in brân yn it hûs foar âlderein-psychiatry de Flinter yn Frjentsjer is freedtejûn in pasjint nei it sikehûs brocht.
Der bruts brân út yn de separearsel, nei alle gedachten omdat de pasjint in stoel yn de romte oanstutsen hat. Der ûntstie safolle reek dat ien fleugel fan de GGZ-ynstelling ûntromme wurde moast. De pasjint hie problemen mei de luchtwegen. Yn de Flinter wenje 30 âldere psychiatryske pasjinten.