Benaude winst Cambuur op AGOVV

30 okt 2009 - 21:39

SC_Cambuur hat freedtejûn in benaude 4-3 oerwinning behelle op AGOVV. Tsjin tsien man wie Cambuur net by steat om de wedstriid te kontrolearjen en dêrtroch bleau it spannend oant de lêste sekonde. Olaf Lindenbergh krige al foar it skoft twa giele kaarten.

De doelpunten fan Cambuur kamen op namme fan Mark de Vries (2), Oguzhan Türk en Robert van Boxel. Foar AGOVV skoarden Nacer Chadli, Jeremy Bokila en Chiro N'Toko. Troch de winst bliuwt Cambuur koprinner yn de Jupiler League.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)