Promoasje yn Kânselerij

De earste promoasje yn de Kânselarij
Yn 'e Kânselarij yn Ljouwert spile him freed in bysûnder barren ôf. Hans Vrouwenvelder is dêr promovearre op in bysûnder ûndersyk. By wetterinstitút Wetsus hat er ûndersyk dien op it gebiet fan wettersuvering en freed moast er syn ûnderfinings ferdigenje foar in kommisje om de titel doktor te krijen.
Gewoanwei soe dat barre op 'e universiteit yn Delft, mar dy jierrenâlde tradysje is no ferbrutsen.