Halbertsmapriis foar Vries

Wurdearring foar wurk Oebele Vries
Oebele Vries út Westergeast hat de dr. Joast Halbertsmapriis foar wittenskiplik wurk yn Fryslân takend krigen fan de provinsje. Vries kriget de priis foar syn wittenskiplik wurk op it mêd fan Fryske skiednis, taalskiednis en Aldfryske filiology.
De Halbertsmapriis wurdt ienris yn de trije jier útrikt. De priis bestiet út in bedrach fan 4000 euro en in oantinken. De priis wurdt op 10 desimber útrikt. Oebele Vries is dosint Aldfrysk oan de RUG yn Grins.